Bonn
| Bonn Bundesstadt Bonn | ||
| Utsjoch oer Bonn | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| Regierungsbezirk | Keulen | |
| Stedsyndieling | 4 Stadtbezirke | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 323.336 (31.12.2024) | |
| Oerflak | 141,06 km² | |
| Befolkingsticht. | 2.292 ynw./km² | |
| Hichte | 60 m | |
| Oar | ||
| Stifting | Romeinske tiid | |
| Postkoade | 53111–53129, 53173–53179, 53225, 53227, 53229 | |
| Netnûmer | 0028 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 50° 44'N 7° 5'E | |
| Munstertsjerke | ||
| It âlde stedhûs | ||
| Offisjele webside | ||
| www.bonn.de | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lizzing fan it stedsdistrikt Bonn yn it Regierungsbezirk Keulen yn Noardryn-Westfalen | ||
Bonn is in kreisfreie Großstadt yn it Dútske bûnslân Noardryn-Westfalen, 20 km súdlik fan Keulen. Der wenje likernôch 321.680 minsken (2023).[1] Bonn wie fan 1949 oant 1990 it regearssit fan West-Dútslân. Nei de weriening fan Dútslân yn 1990, ferhuzen it regear en de Bûnsdei yn 1999 nei Berlyn. De stêd bliuwt lykwols in wichtich wurkplak, dêr't likernôch 8.000 fan de 18.000 wurksume amtners sitte noch hieltyd dêr en der binne guon Dútske ministearjes mei it haadsit yn Bonn, lykas Definsje en Lânbou. Bonn wurdt dêrom ek Bundesstadt (bûnsstêd) neamd.
Bonn is ek de namme fan ien fan de fjouwer stedsdielen. De stêd wurdt alhiel omkringe troch de Rhein-Sieg-Kreis.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Topografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bonn leit yn it uterste suden fan de metropoalregio Ryn-Roer, de grutste metropoalregio fan Dútslân mei goed 11 miljoen ynwenners. De stêd leit ek yn it uterste suden fan 'e dielsteat Noardryn-Westfalen oan 'e grins mei Rynlân-Palts oan alletwa ouwers fan de river de Ryn, dêr't trijfearns fan it totaal oerflak fan 141,2 km² oan 'e lofterouwer fan leit. Bonn is part fan it Regierungsbezirk Keulen.
Yn it suden en westen grinzget it stedsgebiet oan 'e Eifelregio, dêr't it Natoerpark Rynlân yn leit. Oan 'e noardkant fan de stêd is it leechlân fan de Keulske Bocht. Yn it noardeasten markearret de rivier de Sieg de stedsgrins en it Sânberchtme is oan 'e eastkant. It stedsgebiet is fan noard nei súd op syn langst 15 km en fan east nei west 12,5 km op syn breedst. De stedsgrins hat in totale lingte fan 61 km en it geografysk mulpunt fan it stedsgebiet is de Bundeskanzlerplarz (Bûnskânselierplein).
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bonn bestiet út fjouwer Stadtbezirke, Bad Godesberg, Beuel, Bonn en Hardtberg. Bad Godesberg en Beuel wiene foar 1969 selsstannige stêden doe't se by Bonn yndield waarden. Dêr fergrutte it stedsgebiet mei mear as it dûbelde troch. De Stadtbezirke binne wer ferdield yn wiken (Stadtteile).
- Bad Godesberg: Alt-Godesberg, Friesdorf, Godesberg-Nord, Godesberg-Villenviertel, Heiderhof, Hochkreuz, Lannesdorf, Mehlem, Muffendorf, Pennenfeld, Plittersdorf, Rüngsdorf, Schweinheim
- Beuel: Beuel-Mitte, Beuel-Ost, Geislar, Hoholz, Holtorf, Holzlar, Küdinghoven, Limperich, Oberkassel, Pützchen/Bechlinghoven, Ramersdorf, Schwarzrheindorf/Vilich-Rheindorf, Vilich, Vilich-Müldorf
- Bonn: Auerberg, Bonn-Castell (oant 2003: Bonn-Nord), Bonn-Zentrum, Buschdorf, Dottendorf, Dransdorf, Endenich, Graurheindorf, Gronau, Ippendorf, Kessenich, Lessenich/Meßdorf, Nordstadt, Poppelsdorf, Röttgen, Südstadt, Tannenbusch, Ückesdorf, Venusberg, Weststadt
- Hardtberg: Brüser Berg, Duisdorf, Hardthöhe, Lengsdorf
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarne 1: Wrâld Meteorologyske Organisaasje [2]
Boarne 2: Deutscher Wetterdienst[3]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romeinske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan de stêd giet werom nei de Romeinske tiid. Yn 10 f.Kr. bouden de Romeinen in houten brêge oer de Ryn, tichteby in plak mei de namme Bonna. It plak waard part fan de Romeinske provinsje Germania Inferior. Letter waard dat plak grutter makke om te tsjinjen as in grinsfort foar it leger, mei romte foar 7.000 manlju.

De delsetting fan de Ubjers allyk as de oanwêzigens fan Romeinske soldaten binne dokumentearre troch argeologyske fynsten. De delsetting Ubic lei op de lofterouwer fan de Ryn tusken de Ryn en it rivierke Gumme, dêr't hjoed-de-dei de universiteit en de munster binne. Letter, om it jier 30 n.Kr. hinne waard de delsetting ferpleatst nei dêr't de Ryn en Sieg gearrinne.
It legioensfort Bonn, dat likernôch 400 jier bestie, lei fuortendaliks oan de Ryn yn in oerstreamingsfrij gebiet. De krapoan fjouwerkante legioensfêsting waard troch Legio I Germanica om 35 n.Kr. ûnder keizer Tibearius boud. Mei 27,8 bunder is it ien fan de grutste yn it Romeinske Ryk. Nei it jier 89 wiene dêr it Legio XXI Rapax en Legio I Minervia legere. Yn it eastlik part fan it fort wiene grutte opslachgebouwen (horrea), tichteby in poarte dy't tagong joech ta de rivier, dêr't it measte guod oerslein waard. Yn de lette âldheid waard de muorre fan it legioensfort fersterke en ferbrede oant 2,5 m en in 11-13 m brede sleat waard boud. It garnizoen waard op dat stuit yn oantal fermindere, mar de grutte fan it fort bleau yn 200 jier lyk.
Op 9 jannewaris 2021 waard in nominaasjedossier foar it wrâlderfgoed, mei dêr it Bonner fort yn, oan de UNESCO oanbean.[4]
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de fal fan it Westromeinske Ryk, rekke Bonn yn it neigean yn de lette âldheid en iere midsiuwen. By de Wytsinge-oanfallen yn it Rynlân, waard Bon twarris plondere en platbaarnd, respektyflik yn 882 en 883.
Yn it Frankyske Ryk, en yn de 9e en 10e iuw, ûntjoech der yn Bonn in religieus sintrum om de Munster fan Bonn (villa basilica) hinne, en dêr ûntstie in merkplak op it plak fan it hjoeddeistige merkplein. It jier 1243 wurdt sjoen as it jier dat Bonn stedsrjochten krige.
De útkomst fan de Slach by Worringen yn 1288 wie fan grut belang foar de fierdere ûntwikkeling fan de stêd. Nei't Keulen in frije ryksstêd waard, waard Bonn keazen as ien fan de residinsjes fan de karfoarst fan Keulen. Sûnt 1597 waard Bonn de iennige haadstêd fan it karfoarstedom. De prachtige paleizen dy't de karfoarsten yn de 17e en 18e iuw bouwe lieten, joegen de stêd syn barokke pracht.
Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bonn krige mear ynfloed en woeks ûnbidich fluch yn dy tiid. De Nederlânske steedhâlder Willem III oermastere yn 1673 yn de Hollânske Kriich mei 12.000 soldaten en in lyts Brandenburchsk leger de stêd op de biskop van Keulen en Múnster, dy't dêrtroch twongen waarden en akseptearje de frede. It ynnimmen fan de stêd betsjutte ek, dat de Frânske oanfierlinen ôfsnien waarden, dêr't de Frânske kening Loadewyk XIV út de Nederlannen troch weromlûke moast nei syn massale oanfal mei 120.000 manlju yn 1672.

Klemens August, dy't tusken 1724 en 1761 regearre, liet ferskatee gebouwen yn lette barokstyl bouwe, dy't noch hieltyd foar in grut part it stedsbyld dominearje.
In twadde persoon dy't in grutte ynfloed op de stêd hân hie wie aartsbiskop en karfoarst Maksimiliaan Frâns fan Eastenryk, dy't tusken 1784 en 1794 regearre. Hy rjochte de universiteit op en stifte it kueroarde Bad Godesberg. Ek wie er de beskermhear fan de jonge Ludwig fan Beethoven, dy't yn 1770 yn de stêd berne waard. Hy finansiearre ûnder oaren Beethoven syn earste reis nei Wenen.
Yn 1794 waard Bonn ynnommen troch de Frânske troepen, en waard de stêd by it revolúsjonêre – en fan 1798 ôf napoleontyske – Frankryk foege. Nei it Kongres fan Wenen yn 1815 waarden Bonn en gâns it Rynlân tawiisd oan Prusen.
Yn de desenniums dêrnei waard de stêd foarme troch de kreklyn weriepene universiteit, dy't yn 'e Frânske tiid sletten wie. De universiteit dy't troch de Prusyske kening Freark Willem III iepene waard, waard part fan in ynstelling dêr't ek de Universiteit fan Berlyn en de Universiteit fan Breslau ta hearden. Yn de dêropfolgjende 100 jier waard Bonn it favorite stúdzjeplak fan de prinsen fan Hohenzollern. De universiteit krige de bynamme de "prinse-universiteit", omreden de doetiidske Prusyske kroanprins Freark Willem, syn soan Willem en Willem syn fjouwer soannen dêr studearren. Ek soannen fan oare aadlike famyljes joegen yn 'e 19e iuw de foarkar oan dêr te studearjen. Keulen wie foar it oprjochtsjen fan de universiteit de wichtichste rivaal. De "ferljochte tradysje" fan Bonn, foar it "hillige Keulen" oer, makke Bonn nei alle gedachte gaadliker foar in konfesjonele neutrale universiteit. Ek om praktyske reden wie Bonn in gaadlike kar: it âlde karfoarstlik paleis en it Poppelsdorf-paleis wiene ta beskikking as gaadlike gebouwen.

Fan 1815 ôf fêstigen professors, studinten, amtners en offisieren yn Bonn, wêrûnder in soad protestanten út de Prusyske provinsjes. Dat wie ûngebrûklik foar it meastepart katolike Rynlân. Prusen makke fan Bonn boppedat in garnizoensstêd. Dêr waard Bonn populêr as pensjoensbestimming foar militêre offisieren troch. Ek it toerisme naam nei de Dútske ienwurding yn 1871, oanboaze troch de doetiidske romantyk oan de Ryn.
Nei de Earste Wrâldkriich waard de stêd ynearsten troch Kanadeeske, dêrnei troch Britske en ta einbeslút, oant 1926, Frânske troepen.
Mear as 1000 ynwenners fan Bonn, benammen fan Joadsk komôf, waarden yn 'e nazytiid fermoarde. Likernôch 8000 minsken waarden twongen harren wenplak te ferlitten, waarden arrestearre of opsletten yn konsintraasjekampen.
Yn de Twadde Wrâldkriich bleau Bonn oant de hjerst fan 1944 foar it grutste part besparre foar alliearde bombardeminten. Op 18 oktober 1944 ferwoastge in bombardemint it sintrum fan Bonn. Dêr kamen mear as 4000 minsken by om it libben. Oan 'e ein fan de kriich wie 30% fan de gebouwen ferwoastge, dêr't 70% fan licht of swier skeind waarden en 30% folslein ferwoastge waarden. Op 9 maart 1945 waard de stêd troch Amerikaanske troepen ferovere. Op 28 maaie 1945 waard de stêd part fan de Britske besettingssône.

Bonn waard yn 1949 útroppen ta de foarriedige haadstêd fan de Bûnsrepublyk. Berlyn koe op dat stuit as in yn fjouweren ferparte stêd midden yn 'e Sovjet-besettingssône dy funksje net ferfolje. Ek Frankfurt am Main wie gadingmakker om de foarriedige haadstêd te wurden. De foarsitter fan de Parlemintêre Ried, Konrad Adenauer, dy't út it neie Keulen kaam, koe in mearderheid yn de Parlemintêre Ried foar Bonn as haadstêd oerhelje. De Britten hiene tasein Bonn yn't gefal dat it keazen waard los meitsje te litten út harren besettingssône, wylst de Amerikanen foar Frankfurt dy tasizzing net dwaan koene, om't dêr in soad Amerikaanske ynstellings ûnderbrocht wiene.[5]
Op 10 oktober 1981 demonstrearren goed 250.000 minsken en op 22 oktober 1983 goed 400.000 minsken yn Bonn tsjin it pleatsen fan nije Amerikaanske kearnraketten op Dútske boaiem. It wiene de grutste demonstraasjes oant doe ta yn 'e skiednis fan 'e Bûnsrepublyk.
De haadstêdstatus bleau jilden oant de weriening fan Dútslân yn 1990, doe't Berlyn fannijs de haadstêd waard. Dêr waard dêrnei in soad praat oer as it nedich wêze soe dat it parlemint nei Berlyn ta ferhúzje soe. Yn 1999 ferhuzen de Bûnsdei en ferskate oare oerheidstsjinsten nei Berlyn. De Bûnsried die dat yn 2000. Seis ministearjes hawwe oant hjoed-de-dei lykwols Bonn oanholden as fêstigingsplak. Ek hawwe de ministearjes mei haadsit Berlyn in dependâns yn Bonn.
Untjouwing ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Deutsche Telekom en T-Mobile,[6] Deutsche Post, Haribo, German Academic Exchange Service en SolarWorld hawwe harren haadkantoar yn Bonn.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]



Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Munster fan Bonn
- Dûbeldtsjerke Hillige Marije en Sint-Klemens (Schwarzrheindorf), boud yn 1151
- Krúsberchtsjerke, in beafearttsjerke, boud yn 1627
- Sint-Remigius, dêr't Beethoeven doopt waard
Kastielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ruïnen fan de fêsting Godesburg
- Yn de foarstêd Röttgen stie ea it Schloss Herzogsfreude, dat hjoed-de-dei ferdwûn is, maar ea in jachthûs wie fan karfoarst Klemens August.
Oare gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It âlde stedhûs oan it Merkplein
- Poppellsdorfer Schloss
- It karfoarstlik slot dêr't de Universiteit fan Bonn yn fêstige is.
Museums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte museums stean oan de Museumsmeile. Yn 'e 1990-er jierren ûntstiene yn in koart skoftke tiid, súdlik fan it sintrum fan Bonn, ferskate nijboude museums njonken de al besteande gebouwen. Alle fiif museums lizze min of mear bylâns de B9 en it trije kilometer lange parkoers, dat begjint by de Adenauerallee en einiget by de Ahrstraße, in sydstrjitte fan de Kennedyallee, krige de bynamme Museumsmeile.
De folgjende museums binne dêr part fan:
- Museum Koenig, in soölogysk en natoerhistoarysk museum oan de Adenauerallee
- Haus der Geschichte oan de Willy-Brandt-Allee
- Keunstmuseum Bonn oan de Friedrich-Ebert-Allee, njonken de Bundeskunsthalle
- Kunst- und Ausstellungshalle der Bundesrepublik Deutschland of Bundeskunsthalle
- Deutsches Museum (Bonn) oan de Ahrstraße (in filiaal fan it Deutsches Museum yn München)
Oare museums yn Bonn:
- LVR-LandesMuseum Bonn (earder it Rheinische Landesmuseum)
- Beethovenhaus
- Schumannhaus
Nijmoadrige gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beethovenhalle
- Bundesviertel (Bûnsoerheidswyk) mei in soad oerheidsgebouwen, lykas:
- Post Tower, it heechste gebou yn Noardryn-Westfalen, dêr't de haadkantoaren fan Deutsche Post/DHL yn húsmanne binne.
- Maritim Bonn, fiifstjerrehotel en konvinsjesintrum
- Schürmann-Bau, haadkantoar fan Deutsche Welle
- Langer Eugen, sûnt 2006 it sintrum fan de Feriene Naasjes Campus, earder de kantoaren fan leden fan it Westdútske parlemint
- haadkantoar Deutsche Telekom
- haadkantoar Telekom Deutschland
- Kameha Grand, fiifstjerrehotel
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johan fan Beethoven (1740-1792), tenoarsjonger, heit fan Ludwig fan Beethoven
- Johann Peter Salomon (1745-1815), fioalist en konsertorganisator
- Ludwig fan Beethoven (1770-1827), komponist
- Ferdinand Ries (1784-1838), komponist en pianist
- Peter Joseph Lenné (1789-1866), túnarsjitekt
- Gerhard Gustmann (1910-1992), roeier
- Hermann von der Dunk (1928-2018), Nederlânsk histoarikus
- Felicitas fan Prusen (1934-2009), prinsesse (Hûs Hohenzollern)
- Bushido (1978), rapper
- Fabian Schiller (1997), autokoereur
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Noardryn-Westfalen | ||
|---|---|---|
| Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster | ||
| Landkreise Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel | ||
| Kreisfreie Städte Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal | ||
