Alpenka
| Alpenka | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pyrrhocorax graculus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Alpenka (Pyrrhocorax graculus) is fûgel út it skaai fan 'e berchkrieën (Pyrrhocorax) yn it skift fan 'e in sjongfûgels (Passeriformes). It is dus net in soarte út it skift fan 'e krieën (Corvus).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Alpenka is ien fan 'e twa soarten yn it skaai fan 'e berchkrieën. De oare soarte yn it skaai is de Alpenkrie (Pyrrhocorax pyrrhocorax). Beide fûgels ha in soad fan inoar, mar binne ek dúdlik fan inoar te ûnderskieden. Se ha alletwa roetswarte fearren en rôze of reade poaten. De smelle, lange, bûge snaffel is lykwols giel by de alpenka en read by de alpenkrie. Dy fan 'e Alpenkrie is ek langer en mear bûge. Se hawwe meastentiids brune eagen. De sturt fan 'e Alpenka is langer en harren wjukken binne koarter, smeller en sterker fingere as dy fan 'e Alpenkrie. De Alpenka hat ek in wat rûnere kop as de Alpenkrie en de fearren binne minder glânzgjend. Alpenkaen wurde 36 oant 40 sm lang (sa grut as in ka, mar lytser as de Alpenkrie). Harren wjukspanwiidte is 70-85 sm en se weagje likernôch 190-240 gram. Juvenilen hawwe in gielige snaffel mei in donkere snaffelpunt en swarteftige poaten; wylst de fearren wat fealer binne.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte briedt allinnich yn heechberchtmes boppe de beamgrins yn Súd-Europa (de Pyreneeën, de Balkan, de Alpen) en yn Sintraal-Aazje oant West-Sina. Yn súdlike rjochting leit harren leefgebiet oant Noard-Afrika. Alpenkaen binne sels waarnommen ûnder de top fan 'e Mount Everest (mear as 8000 meter heech) en sa heech binne oare fûgelsoarten nea waarnommen. Winterdeis sakket er ôf nei de doarpen. Oer it algemien komme Alpenkrieën in pear hûndert meter leger foar as de Alpenka.

De Alpenka is te ferdielen yn trije ûndersoarten:
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alpenkaën binne tige goede fleanders dy't op grutte hichten harren akrobatyske keunsten sjen litte: se meitsje dûkflechten en sweve dêrnei wer hiele einen om ynienen wer fertikaal nei ûnderen te dûken en flak foar de rotsboaiem wer yn in steile klim omheech te fleanen. Se brûke de loftstreamen om berchtoppen en rotsen hinne om yn groepen sokke keunsten út te fieren. Op 'e grûn rinne en hippe se. It binne tige tûke fûgels dy't berchtoeristen folgje oant de heechste toppen en dy't de fûgels fuorje. Dêrby komt it foar dat se guod fan minsken stelle. Sa binne der foarbylden fan Alpenkaën, dy't mei dielen fan 'e útrissing fan berchkuierders útnaaiden.
De fûgel hat him oanpast oan it berchtoerisme yn syn leefgebiet en siket ek iten tusken it ôfeart fan berchstasjons, berchhutten en restaurants. It is in typyske allesiter dy't simmerdeis ek libbet fan ynsekten en winterdeis fan beien.

Alpenkaën briede meastentiids yn lytse koloanjes fan in pear pearkes. Se binne monogaam en bouwe harren nêsten op steile, rûge kliffen, ruïnes en rotsspjalten. Se briede fan april oant july en lizze yn it seizoen mar ien lechsel, dat bestiet út trije oant seis aaien. Dy aaien binne rûn, glêd, glânzjend en krêmkleurich, oerdutsen mei in soad donkere, oliifbrune oant poarpergrize plakjes. It komfoarmich nêst fan tûken en drûge woartels is grut en wurdt beklaaid mei finer materiaal lykas gers, fearren en heide. Dat nêst sit faak goed ferburgen yn in djippe spjalt of grot. Allinnich it wyfke briedt, wylst it mantsje har fuorret. De briedtiid duorret 17 oant 21 dagen, de jongen bliuwe noch 23-31 dagen nei harren berte yn it nêst.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e wrâldpopulaasje waard yn 2018 op 1,1 oant 2,7 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. It is net bekend hoe't de populaasje him ûntwikkelet. De Alpenka wurdt as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Berchkrie
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Yndia


