close
Springe nei ynhâld

Megan Moroney

Ut Wikipedy
Megan Moroney
BERJAYA sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMegan Ann Moroney
nasjonaliteitBERJAYA Amerikaansk
berne9 oktober 1997
berteplakSavannah (Georgia)
etnisiteitBERJAYA Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
sjenrecountry
sjongtaalIngelsk
ynstrumintstim, gitaar, piano
grutste hit(s)Tennessee Orange
jierren aktyf2020 – no
offisjele webside
www.meganmoroney.com

Megan Moroney (folút: Megan Ann Moroney; Savannah, 9 oktober 1997) is in Amerikaansk sjongster fan countrymuzyk. Hja hie yn 2022 en 2023 har earste grutte hit mei de single Tennessee Orange.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moroney waard yn 1997 berne yn Savannah, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. As bern harke se al in protte nei countrymuzyk en teffens learde se doe pianospyljen. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre Moroney digitale marketing en muzykbedriuwskunde oan 'e Universiteit fan Georgia yn Athens, in foarstêd fan Atlanta. Yn dy snuorje wie se al begûn mei it fersoargjen fan optredens as countrysjongster en foarme se it foarprogramma by in konsert foar Chase Rice en by in konsert fan Kristian Bush fan it duo Sugarland.

Nei't se klear wie mei har stúdzje ferfear Moroney yn 2020 nei Nashville yn Tennessee, it mekka fan 'e countrymuzyk, om in karriêre as sjongster nei te stribjen. Se wie yn kontakt bleaun mei Kristian Bush, dy't har dêre by oare liettsjeskriuwers yntrodusearre. Yn 2021 brocht Moroney har earste single út, mei as titel Wonder. Dy berikte de hitlisten net, mar late wol ta it opnimmen fan 'e EP Pistol Made of Roses, dy't yn july 2022 útkaam.

Yn oktober 2022 folge Moroney har twadde single, Tennessee Orange, dy't troch Bush produsearre waard. It liet waard troch online-streaming populêr en behalven yn 'e country-hitlisten krong it ek troch yn 'e pophitlist Billboard Hot 100. It groeide út ta in grutte hit, dy't sertifisearre waard as fjouwer kear platina (en yn Kanada as twa kear platina en yn Nij-Seelân as goud). It berikte it tolfde plak yn 'e Hot Country Songs, it tsiende plak yn 'e Country Airplay en it 53e plak yn Billboard Hot 100.

Troch it súkses fan Tennessee Orange krige Moroney in platekontrakt oanbean troch Arista Nashville, dat se oannaam. Wylst it liet opklom yn 'e hitlisten, waard dat platelabel lykwols opdoekt, sadat Moroney bedarre by Columbia Records, in oar label fan deselde memme-ûndernimming, Sony Music Nashville. Sadwaande kaam yn maaie 2023 by Columbia har earste album út, dat de namme Lucky droech en dat û.o. de singles Tennessee Orange en Lucky omfette. It berikte de top 40 fan 'e Billboard 200. It gesachhawwende tydskrift Rolling Stone rôp Lucky út ta it bêste countryalbum fan 2023.

Ek yn 2023 wurke Moroney gear mei de band Old Dominion oant 'e single Can't Break Up Now, dy't nominearre waard foar ferskate wichtige prizen. Har eigen promoasjesingle No Caller ID waard in platina plaat. Yn 2024 brocht Moroney har twadde studio-album út, mei as titel Am I Okay? De titelsong dêrfan wûn yn 2025 de MTV Video Music Award foar bêste countryfideoclip. Yn maart fan dat jier sette Moroney yn Montreal útein mei in toernee dêr't se hiel Noard-Amearika mei trochreizge, om úteinlik yn oktober te einigjen yn Tampa (Floarida).

Sûnt 2020 wennet Moroney yn Nashville (Tennessee).

Yn 'e fideoclip fan Tennessee Orange droech Moroney in Tennessee Volunteers-shirt fan sjonger Morgan Wallen, mar se hold har yn 't earstoan op 'e flakte oer de fraach oft dat betsjutte dat se in relaasje mei him hie. Yn 2024 befêstige se dat dat sa west hie, hoewol't it neffens har nea sa serieus "oan" west hie as yn 'e fideoclip. Moroney en Wallen wiene anno 2024 noch goed befreone.

Studio-albums
útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
5 maaie 2023 Lucky Sony Music Nashville flagge fan de Feriene Steaten BERJAYA (goud)
12 july 2024 Am I Okay? Sony Music Nashville & Columbia Records nom. foar American Music Award foar favorite countryalbum flagge fan de Feriene Steaten BERJAYA (goud)
EP's
útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
15 july 2022 Pistol Made of Roses Sony Music Nashville
1 nov. 2024 Blue Christmas... Duh Sony Music Nashville
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
2021 Wonder gjin album
2022 Tennessee Orange CMT Music Award foar froulike trochbraakfideoclip fan it jier
nom. foar ACM Award foar liet fan it jier
nom. foar ACM Award foar fisuele media fan it jier
nom. foar CMA Award foar liet fan it jier
nom. foar CMT Music Award foar digitaal optreden fan it jier
flagge fan de Feriene Steaten BERJAYA (4× platina)
flagge fan Kanada BERJAYA (2× platina)
flagge fan Nij-Seelân BERJAYA (goud)
Lucky
Hair Salon Pistol Made of Roses
Fix You, Too
I Love Me
2023 I'm Not Pretty nom. foar CMA Award foar fideoclip fan it jier
nom. foar CMT Music Award foar froulike fideoclip fan it jier
nom. foar CMT Music Award foar digitaal optreden fan it jier
flagge fan de Feriene Steaten BERJAYA (2× platina)
flagge fan Kanada BERJAYA (goud)
Lucky
Lucky
What Are You Listening To? gjin album
2024 Am I Okay? MTV Video Music Award foar bêste countryfideoclip flagge fan de Feriene Steaten BERJAYA (2× platina) Am I Okay?
No Caller ID nom. foar People's Choice Country Award foar froulik liet fan 2024 flagge fan de Feriene Steaten BERJAYA (platina)
28th of June
Indifferent flagge fan de Feriene Steaten BERJAYA (goud)
Man on the Moon
2025 You Had to Be There
(mei Kenny Chesny)
3e studio-album
(noch net ferskynd)
6 Months Later flagge fan de Feriene Steaten BERJAYA (goud)
Beautiful Things
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
2023 Can't Break Up Now
(mei Old Dominion)
nom. foar ACM Award foar muzykbarren fan it jier
nom. foar CMT Music Award foar kollaborative fideoclip fan it jier
nom. foar People's Choice Country Award foar kollaboratyf liet fan 2024
Memory Lane
2024 Never Left Me Twisters: The Album
(soundtrack fan 'e film Twisters)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.