close
Springe nei ynhâld

List fan katterassen

Ut Wikipedy

Dit is in list fan katterasssen, dy't in oersjoch jout fan 'e rassen fan 'e kat (Felis catus) dy't troch de minske holden wurde.

Erkenning fan katterassen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De erkenning fan katterassen is kompleks. It probleem is dat der net ien ynternasjonale organisaasje is dy't yn dizzen tafersjoch hat, mar fiif ferskillende. Anno 2023 waarden 75 rassen erkend troch De Ynternasjonale Katteferiening (The International Cat Association, TICA); 45 troch de Feriening fan Katteleafhawwers (Cat Fanciers' Association, CFA); 50 troch de Ynternasjonale Kattefederaasje (Fédération International Féline, FIFe); 45 troch de Bestjoersried foar it Leafhawwen fan 'e Kat (Governing Council of the Cat Fancy, GCCF) en 69 troch de Wrâldkattefederaasje (World Cat Federation, WCF). En de 45 rassen dy't erkend wurde troch de CFA binne net deselden as de 45 rassen dy't erkenning genietsje fan 'e GCCF. Om it noch yngewikkelder te meitsjen jouwe de ûnderskate organisaasjes oan itselde ras soms in ferskillende namme; sa wurdt mei de namme "Javaan" of "Javaanske kat" almeast de puntlanghier bedoeld, mar is dyselde namme by de WCF in oantsjutting foar de Easterske langhier.

BERJAYA
In Britske koarthier.
BERJAYA
In chartreux.
BERJAYA
In Himalayaan.
BERJAYA
In Maine coon.
BERJAYA
In (sturtleaze) Mankske kat.
BERJAYA
In Noarske boskkat.
BERJAYA
In Siamees.
BERJAYA
In sfinks.
BERJAYA
In Turkske angoara.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.