close
Springe nei ynhâld

Tifinagh

Ut Wikipedy
BERJAYA
It Tifinagh-skrift

It Tifinagh (Berberske útspraak: [tifinaɣ]; ek as Tifinaɣ skreaun yn it Berbersk-Latynsk alfabet; Nij-Tifinagh: ⵜⵉⴼⵉⵏⴰⵖ; Tûarek-Tifinagh: ⵜⴼⵉⵏⵗ or ⵜⴼⵏⵗ) is in konsonanteskrift om yn de Berbertalen te skriuwen.

In moderne foarm fan it tradisjoneel skrift, it Nij-Tifinagh waard yn de tweintichste iuw yntrodusearre. It Ircam-Tifinagh is in foarm fan it skrift dat justjes oanpast is en wurdt yn de legere skoallen yn Marokko brûkt om de Berberske taal te learen.

It wurd tifinagh is nei alle gedachten in berberisearre froulike meartalsfoarm fan it wurd "Punysk". It Berberske froulike foarheaksel ti oan it Latynske punicus koe mooglik de "Fenisyske/Punyske letters" betsjutte.

BERJAYA
In Libysk-Berberske ynskripsje op in rots yn Zagora, Marokko

Der wurdt fanút gien dat it Tifinag-skrift fan it Libysk skrift, of ek wol it Libysk-Berbersk skrift neamd, út de âldheid ôfstammet, alhoewol't der net folle oer de ûntwikkeling dêrfan bekend is. Dat skrift waard yn de âldheid troch Berbersktaligen yn Noard-Afrika en de Kanaryske Eilannen brûkt. It komôf fan it skrift is net bekend, mar der wurdt fanút gien dat it besibbe oan it Fenisysk alfabet wie.

Der binne twa farianten fan it Libysk skrift bekend: in eastliken en in westliken ien. De eastlike fariant waard brûkt yn it gebiet fan it hjoeddeistige Konstantine en de regio Aurès yn Algerije. Fan de twa farianten is de eastlike dy't it bêst ûntsifere waard, om't der ferskate Numidyske twatalige ynskripsjes yn it Libysk en Punysk fûn waarden. 22 fan de 24 letters waarden ûntsifere. De westlike fariant wie mear primityf en waard brûkt by de kust fan de Middellânske See del fan Kabylje oant de Kanaryske Eilannen. Dy fariant brûkte 13 oanfoljende letters.

It Libysk skrift wie in kleare konsonanteskrift en hie gjin fokalen. Geminaasje waard net oantsjutten. It waard almeast fan ûnderen nei boppe en fan rjochts nei lofts skreaun, mar it waard ek wol op oare manieren skreaun. De letters feroaren fan foarm at se fertikaal of at se horizontaal skreaun waarden.

Tûarek-Tifinagh

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
BERJAYA
Yngong yn it plak Kidal yn Maly. It stiet skreaun yn it Tifinagh (ⴾⴸ// Kdl) en yn it Latyn

It Libysk skrift wurdt hjoed-de-dei brûkt yn de foarm fan Tifinagh om yn de Tûarektalen, dy't in takke fan de Berbertalen binne, te skreauwen. 1500 jier âlde ynskripsjes dêrfan binne fûn op rotsen en yn grêftomben.

It Tûarek-Tifinagh wurdt hjoed-de-dei benammen brûkt yn spultsjes, puzels, graffiti en koarte berjochten. It skrift wurdt bytiden ek wol brûkt yn talen fan oanswettende folken.

BERJAYA
Trijetalige paadwizers; Arabysk, Berbersk en Frânsk

It Nij-Tifinagh is in skrift dat ûntwikkele waard fan eardere foarmen fan it Tifinagh. Dat skrift is fan lofts nei rjochts skreaun. Oant koartlyn waarden der mar amper boeken en websiden yn it skrift skreaun, om't der earder foar it Latynsk alfabet, en, mar wol minder, it Arabysk skrift keazen waard. It Nij-Tifinagh waard ornaris foar symboalyske doelen brûkt. Fan 2003 ôf wurdt der yn Marokko mear yn it skrift publisearre en wurdt it ek op guon skoallen ûnderrjochte. Dochs de measte Berberske publikaasjes brûke lywols it Berbersk-Latynsk alfabet. Bûten Marokko hat it skrift gjin offisjele status. Yn Algerije brûke almeast alle Berberske publikaasjes it Berbersk-Latynsk alfabet. Yn Lybje ferbea it bewâld fan diktator Moammar al-Kadaffi it brûken fan it skrift. Nei de Libyske Boargerkriich like de Nasjonale Oergongsried mear iepen te stean foar it brûken fan it skrift.

It Tifinagh waard in maart 2005 oan de Unikoade taheake.

KoadeLetterUnikoadeTransliteraasjeNamme
2D30BERJAYAaya
2D31BERJAYAbyab
2D32BERJAYAbhyabh
2D33BERJAYAgyag
2D34BERJAYAghyaghh
2D35BERJAYAdjyaj
2D36BERJAYAdjyaj
2D37BERJAYAdyad
2D38BERJAYAd.yadh
2D39BERJAYAd.yadd
2D3ABERJAYAd.yaddh
2D3BBERJAYAeyey
2D3CBERJAYAfyaf
2D3DBERJAYAkyak
2D3EBERJAYAkTûarek yak
2D3FBERJAYAⴿkhyakhh
2D40BERJAYAhyah
2D41BERJAYAhyah
2D42BERJAYAhTûarek yah
2D43BERJAYAh.yahh
2D44BERJAYAayaa
2D45BERJAYAkhyakh
2D46BERJAYAkhTûarek yakh
2D47BERJAYAqyaq
2D48BERJAYAqTûarek yaq
2D49BERJAYAiyi
2D4ABERJAYAjyazh
2D4BBERJAYAjAhaggar yazh
2D4CBERJAYAjTûarek yazh
2D4DBERJAYAlyal
2D4EBERJAYAmyam
2D4FBERJAYAnyan
2D50BERJAYAnyTûarek yagn
2D51BERJAYAngTûarek yang
2D52BERJAYApyap
2D53BERJAYAuyu
2D54BERJAYAryar
2D55BERJAYAr.yarr
2D56BERJAYAghyagh
2D57BERJAYAghTûarek yagh
2D58BERJAYAghAyer yagh
2D59BERJAYAsyas
2D5ABERJAYAs.yass
2D5BBERJAYAshyash
2D5CBERJAYAtyat
2D5DBERJAYAt.yath
2D5EBERJAYAchyach
2D5FBERJAYAt.yatt
2D60BERJAYAvyav
2D61BERJAYAwyaw
2D62BERJAYAyyay
2D63BERJAYAzyaz
2D64BERJAYAzTawellemet yaz
2D65BERJAYAz.yazz
2D6FBERJAYA+wLabialisaasje-teken

2D5C 2D59BERJAYABERJAYAⵜⵙtsyats
2D37 2D63BERJAYABERJAYAⴷⵣdzyadz
2D5C 2D5BBERJAYABERJAYAⵜⵙchyach
2D37 2D4ABERJAYABERJAYAⴷⵊdjyadzh
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.